Foar heit

FOAR HEIT

Wêr is heit no, heit hat
no dochs de sliep wol út
nei tritich jier? Kuieret
en lêst heit in soad of is heit dochs noch
úteinset mei teology?
Of is dat no net sa’n
opsje mear en brout
heit bier en yt hasjee
en jout nearne om, docht heit
wat heit altyd dwaan woe,
makket fiere reizen en
lûkt him neat oan fan sinne
en oar ûngemak. Is
heit hjir ek? Hat heit ús
bern wol sjoen? Ik lit
mar in bytsje los oer heit. Hoe dan ek,
it is no winter, freed
om krekt te wêzen en ik
drink port út heit syn glês.
De mansjetknoop bin ‘k
kwyt, heit syn hege hoed
hâldt him grut, der is net
in soad jild om hannen. Us hûs
is der noch en altiten
as ik dêr delkom, betink ik
dat ik dêr it leafste wenje soe.

Ik winskje heit in smûk plak
en waarme fuotten.

Leave groet, heit syn …

(uit: De pleats fan Politiek)